Samenvatting
Yn 1998 wurdt Kneppelfreed. Gevecht om de taal met wapenstok en waterkanon útjûn. It boek krijt yn de Fryske en lanlike parse loovjende kritiken. Sântich jier nei Kneppelfreed is it tiid foar in werútjefte. It boek út 1998 wurdt folslein oanpast. It tal haadstikken is ynkoarte fan sân nei fiif. Elk wurd wurdt op ’e nij woegen. It boek is op ’e nij skrean, wêrby’t de basis yntakt bliuwt. Nij is ek dat Kneppelfreed 2021. Ferline en takomst fan de Fryske taal folslein twatalich is, 158 siden yn it Frysk, 166 siden yn it Hollânsk. Hoe stiet it Frysk derfoar, santich jier nei Kneppelfreed? Skriuwer Peter Boomsma is benijd nei de stân fan saken fan it Frysk yn de rjochtseal, yn it ûnderwiis, by de Fryske gemeenten en yn bestjoerlik Fryslân. Fjouwer saakkundigen binne ree fûn har ljocht oer dizze matearje skine te litten. Foar it Frysk yn de rjochtseal is dat mr. Tjalling van der Goot. Alex Riemersma, âld-lektor meartalichheid oan NHL Stenden, giet yn op ûnderwiis yn de Fryske taal, fan basisûnderwiis oant universiteit. Johanneke Liemburg - biografe fan de haadrolspiler fan Kneppelfreed, Fedde Schurer – beskriuwt it brûken fan it Frysk by de Fryske gemeenten. Hjoeddeistich kommissaris fan de Kening Arno Brok skriuwt oer de rol fan de provinsje Fryslân en it stimulearjen fan de Fryske taal.